Eastermar is bekend om syn ‘barrens. Dêr kaam dit jier noch ien by: ‘Eastermar Bloeit’. Ein augustus toande it doarp syn krêft om út de ‘mienskip’ foar elk wat wils te sjen en belibje te litten. De ynspanningen binne rjochte op duorsumens, sûnens en leefberens om te wurkjen oan in lang, sûn en lokkich libben yn it doarp Eastermar.”
It koe hast net moaier: op woansdeitemoarn 28 augustus yn de iepen loft by sinneskyn waar in moarnsbrochje nuttigje op in prachtlokaasje. Christiaan Steijn en Kees Meinderts organisearren op fersyk fan Enerzjyk Eastermar yn it ramt fan ‘e Eastermarder Bloeiwike in iterij foar ûndernimmers út eigen doarp en omkriten.
De lokaasje wie oan ‘e Skûlenboargerwei 5 dêr‘t de rom 40 ûndernimmers betsjinne waarden troch Christiaan en Kees dy’t noch mar in healjier as ‘Mearkas-ûndernimmers ‘los’ binne. Fierder wie der saakkundige stipe fan Noord Geregeld en Groei Friesland. By dit selskip hienen de wethâlders Berber van Zandbergen en Caroline de Pee fan de gemeente Tytsjerksteradiel har ek oansletten om te genietsjen fan it miel en om yn petear te gean mei de ûndernimmers.
Nei it iten koenen de gasten har noch oriïntearje op al it oare dat ‘Mearkas’ te bieden hat. Wethâlders De Pee en Van Zandbergen wienen fol lof oer de akkomodaasje dy’t bestiet út in ta ytseal omboude kas, in grientetún dy’t producten leveret foar dat restaurant en de ‘glampingtinten’ dêr’t gasten de nacht trochbringe kinne. Hja fûnen it in prachtige oanfolling op wat Eastermar al hat.
Yn in ôfslutend taspraakje tanke Enerzjyk Eastermar-foarsitter Wiebe Visser it ‘Meerkas-duo foar har ynspanningen en stipte hy as ‘frontman’ fan Eastermar Bloeit de oare aktiviteiten fan ‘e Bloeiwike oan.