Johannes Kramer op ‘e nij ynstallearre as boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân

Geplaatst op 22 januari 2026
Johannes Kramer op ‘e nij ynstallearre as boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân

De hear Johannes Kramer is woansdeitejûn ynstallearre foar syn twadde termyn as boargemaster fan Noardeast-Fryslân. Yn ibysûndere riedsgearkomste lei de boargemaster de eed ôf yn hannen fan de Kommissaris fan de Keningde hear Arno Brok.

Boargemaster Kramer is sûnt 6 jannewaris 2020 boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Dizze werbeneaming jildt foar nochris seis jier. De gemeenteried spruts al earderfertrouwen en wurdearring út en lei de oanbefelling ta werbeneaming foar oan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Kommissaris fan de Kening, Arno Brok is fan betinken dat Kramer in bestjoerder oer alle boegen is. In ferbiner, in noflik en waarm minske. Kramer is der yn slagge om ynoparbeidzjen mei ried, kolleezje, amtners en ynwenners de gemeente nei in heger nivo te tillen. Brok hopet dat Kramer noch efkes yn Noardeast-Fryslân bliuwt, want hy is hjir no noch net klear. Noardeast-Fryslân is in selsbewuste gemeente yn posysje. Der leit in stevichfûnemint om op fierder te bouwen. Brok is derfan oerstjûge en hat alle betrouwen; om Kramer syn eigen lijfspreuk te brûken: jo rêde dermei.”

Riedslid Fedde Breeuwsma jûch út namme fan de gemeenteried oan dat Kramer ‘in fin mearhat as in bears’. De gemeenteried is dan ek optein mei dizze werbeneaming.

Ut namme fan it kolleezje beneamde wethâlder Bert Koonstra dat Kramer fierder sjocht as úsgemeente allinnich. Hy set de regio aktyf op ‘e kaart — provinsjaal én lanlik. Tink oan grutte barrens lykas Keningsdei yn 2026, syn rol binnen de Vereniging van Nederlandse Gemeenten en syn belutsenens by inisjativen lykas de doarpekoördinatoaren, dy’t selstrochklinke oant yn Den Haag.

Berneboargemaster Menthe van der Zee is bliid dat sy mei de werbeneaming noch langer mei Kramer moaie aktiviteiten útfiere kin, mei as hichtepunt natuerlik straks yn april Keningsdei yn it moaie Dokkum.

Boargemaster Kramer sei dat Noardeast-Fryslân foar him foar alles de gmeente fan mei-inoar is. En it giet by einbeslút gewoan hjirom: Betrouwen hawwe en betrouwen jaan. En itstjoer net al te stevich en benei ferkrampt yn ‘e hannen te hâlden, mar sa no en dan ek mei losse hanne doare te fytsen.

Dizze bysûndere riedsgearkomste is werom te sjen fia: Agenda noardeastfryslan – It BeslútWerbeneaming boargemaster J.G. Kramer woensdag 21 januari 2026 19:30 – 21:30 – iBabs Publieksportaal

Heeft u interessant nieuws of een bijzonder verhaal?

Laat het ons weten via nieuws@ondernemendnetwerknoordoost.nl of via onze handige nieuwsmodule.

Nieuws aanleveren

Zoeken naar: