Lit it Frysk foar dy wurkje!

Geplaatst op 8 oktober 2024

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit noch mear fersterkje troch it Frysk ek sichtber te meitsjen yn dyn kommunikaasje en oare uterings yn en om dyn bedriuw hinne. It team fan Praat mar Frysk fan de Afûk kin dêrby helpe, sawol yn praktyske as yn finansjele sin. Lit it Frysk foar dy wurkje!

It Frysk wurket as in plus

It gebrûk fan de Fryske taal kin nammentlik hiel goed as in plus wurkje op dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en de bining mei dyn regio. Dêrneist jout it brûken fan it Frysk by Frysktaligen in gefoel fan fertrouwen en draacht it by oan it wolwêzen fan de pasjint, kliïnt of klant, benammen yn soarchsitewaasjes of as it giet om finânsjes of oare persoanlike saken. Wy tinke graach op in iepen en kreative wize mei dy mei oer hoe’t en wêr’t it Frysk foar dyn bedriuw it bêste wurkje kin.

Sa hawwe wy mei allerhanne bedriuwen en organisaasjes rûnom yn Fryslân al gearwurke om te sjen hoe’t wy mei harren it Frysk foar harren wurkje litte kinne. Fan Fryske bebuording en menukaarten oant Fryske reklame op bedriuwsbuskes en yn folders.

Wy komme graach by jim del

Sa kinne wy mei-inoar jim winsken yn kaart bringe, passend by jim bedriuw en bedriuwsfiering. Boppedat kinne de kosten, of in part dêrfan, foar it oersetten en/of materiaal troch ús op in spesjale, leechdrompelige wize fergoede wurde. Wy helpe graach!

Meitsje gebrûk fan ús spesjale regeling

Neist praktyske stipe, soargje wy ek foar finansjele stipe: oersetkosten en ekstra materiaalkosten foar bygelyks folders, websideteksten, teksten op menukaarten, gebouwen en buskes wurde troch ús fia in spesjale regeling oant in neier fêst te stellen bedrach fergoede. En dêrby hoechst gjin yngewikkelde formulieren yn te foljen. Belangstelling?

Soesto yn dyn bedriuw of op dyn wurk mear mei it Frysk dwaan wolle, mar witst net sa goed hoe? Dan kinne wy dy dêrby helpe. Nim frijbliuwend kontakt op fia ynfo@praatmarfrysk.nl, wy komme graach mei dy yn kontakt!

Sjoch foar mear ynformaasje en foarbylden fan gearwurkings dy’t wy mei oare bedriuwen hawwe op: www.praatmarfrysk.nl.

Heeft u interessant nieuws of een bijzonder verhaal?

Laat het ons weten via nieuws@ondernemendnetwerknoordoost.nl of via onze handige nieuwsmodule.

Nieuws aanleveren

Zoeken naar: