Witte jo it noch? Hoe ’t jo mei jo bedriuw útein setten binne? Hiene jo fan de start ôf in konkreet plan of waard dat geandewei de rit dúdlik? En wisten jo wêr ’t jo wêze moasten as jo fragen hiene oer it ûndernimmen? It binne fragen dy ’t omgean yn de hollen fan de startende ûndernimmers fan hjoed. Lees hier het magazine.
Yn dizze simmeredysje binne startende ûndernimmers oan it wurd. Hoe binne hja útein set mei harren ûndernimming? Wat kamen hja allegear tsjin? Koene hja by de gemeente telâne mei harren fragen?
Ik bin bliid mei én grutsk op de startende ûndernimmers yn ús regio. Wy hawwe ferlet fan dizze ûndernimmers om ús regio takomstich sterk én leefber te hâlden. Dêrom stypje wy harren en helpe wy se op paad wêr nedich. Wy soargje foar in goed kontakt mei de ûndernimmers. Dat dogge wy ûnder oaren troch as kolleezje bedriuwsbesites te hâlden. Sa hâlde wy it kontakt leechdrompelich en de linen koart.
Kommende hjerst set wer in ûndernimmersskoalle útein. Miskien witte jo yn jo omjouwing ien dy ’t deroer tinkt om te starten mei in eigen ûndernimming. Tip har as him oer dizze kursus. Njonken dat it learsum is, is it ek in moaie gelegenheid om te netwurkjen. Lees hier het magazine.
Boargemaster Johannes Kramer
Gemeente Noardeast-Fryslân