Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel

Geplaatst op 5 juni 2023
Stichting Culturele Commissie De Pleats en Jongereintoaniel Kom mar op! winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel

Stichting Culturele Commissie De Pleats út Burgum en Jongereintoaniel Kom mar op! út Suwâld binne de winners fan de kultuerprizen 2023 yn Tytsjerksteradiel. Dat waard tiisdeitejûn 30 maaie bekend makke yn it gemeentehûs yn Burgum. ‘Wat is der in soad talint op it mêd fan kultuer yn ús gemeente, ik bin bliid dat ik gjin taak hie yn de sjuery’, sei wethâlder Tytsy Willemsma by it útrikken fan de prizen. ’Allegearre hawwe jimme in weardefolle bydrage levere oan it kulturele klimaat yn Tytsjerksteradiel.’

Kultuerpriis en Oanmoedigingspriis jong talint
De sjuery bestie út Marian Hulshof (byldzjend keunstner), Paula Voorthuijsen (sekretaris Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en Adriaan Groffen (direkteur Cultuurlab Het Achterland). Foar beide kultuerprizen ha hja út de nominearren de winners keazen. Foar de ‘Kultuerpriis Tytsjerksteradiel 2023’ wiene acht kandidaten nominearre.

  • Toanielferiening De Snieskeppers, Jistrum
  • Modèstodûns Friesland, Burgum
  • Esmeralda Arends, Hurdegaryp (gedichten en gebaretaal)
  • VAKwerk, Hurdegaryp (organisearret eksposysjes byldzjende keunst)
  • Dorpsbelang Gytsjerk (inkele keunstwurken pleatst)
  • Culturele commissie De Pleats, Burgum (organisearret kulturele gearkomsten op it mêd fan literatuer, muzyk, toaniel)
  • Easterbarren (strjitfestival Eastermar)
  • MRV Tesselschade (toanielferiening Hurdegaryp)

Foar de ‘Oanmoedigingspriis jong talint Tytsjerksteradiel 2023’ wiene gjin kandidaten oanmeld, mar hat de sjuery sels trije kandidaten nominearre.

  • Jisse Kuipers, Hurdegaryp (12-jierrige trombonist)
  • Jongereintoaniel Kom mar op!, Suwâld
  • Het Stationnetje, Hurdegaryp, Burgum en Bûtenpost (set him yn foar it sosjaal wolwêzen fan jongerein)

Kultuerprizen Tytsjerksteradiel

De ‘Kultuerpriis Tytsjerksteradiel’ kent de gemeente ta oan in persoan of organisaasje dy’t de ôfrûne twa jier in weardefolle bydrage levere hat oan it kulturele klimaat yn de gemeente. De ‘Oanmoedigingspriis jong talint Tytsjerksteradiel’ is bedoeld as oanmoediging foar jongerein dy ’t de ôfrûne twa jier in bysûndere prestaasje levere hat op it terrein fan kultuer. De winner fan de ‘Kultuerpriis 2023’ krijt in bedrach fan € 1.000 en de winner fan de ‘Oanmoedigingspriis jong talint 2023’ in bedrach fan € 500.

Foto: gemeente Tytsjerksteradiel

Vergelijkbare berichten

Heeft u interessant nieuws of een bijzonder verhaal?

Laat het ons weten via nieuws@ondernemendnetwerknoordoost.nl of via onze handige nieuwsmodule.

Nieuws aanleveren

Zoeken naar: